Utjouwer yn Fryske popmuzyk

07 sep 2006 - 09:23

Utjouwer de Foreign Media Group yn Ljouwert sil tegearre mei Friesland Pop cd's útbringe fan Fryske artysten. De Foreign Media Group hat namme makke mei de útjefte fan goedkeape klassike cd's by in grutte lanlike drogist.

Mei de stifting Friesland Pop sil de útjouwer as earste in cd útbringe mei muzyk fan bands dy't op it kommende Freeze-festival te sjen en hearren wêze sille. Dat festival is 23 septimber yn de Harmonie yn Ljouwert.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)