Utjouwer NDC Mediagroep folslein yn Fryske hannen

18 jun 2015 - 19:23
  • It Frysk Deiblêd en de Ljouwerter Krante

De Stichting FB Oranjewoud nimt foar de ein fan de moanne it oandielepakket fan de NDC Mediagroep oer fan Entero/ING. Dêrmei nimt de stichting in skuld fan 22,5 miljoen euro oer fan de bank.

Troch dizze oername komt de NDC Mediagroep, útjouwer fan ûnder oare de Ljouwerter Krante, it Friesch Dagblad, Dagblad van het Noorden en de wykblêden, folslein yn Fryske hannen. Oare oandielhâlder is de ideële stichting Je Maintaindrai. Dy hat 17% yn hannen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)