Utjouwer fan LC ferkocht

17 jan 2013 - 11:16
  • Earste Ljouwerter Krante op lyts formaat

It is sa goed as wis dat de NDC media groep, útjouwer fan de Ljouwerter krante en it Deiblêd fan it Noarden, ferkocht wurdt oan in konsortium mei dêryn stichting Je Maintiendrai, de stichting FB Oranjewoud en de ING bank. Dy partijen prate de kommende wiken eksklusyf fierder oer de krekte ynfolling fan de ferkeap. Dy petearen moatte op 3 febrewaris ôfrûne wêze. As it dan noch net rûn is komme oare partijen mooglik wer yn byld. De LC is bliid mei it konsortium as nije eigner. Haadredakteur Snijder is foarsichtich optimistysk oer de takomst.

Je Maintiendrai is no al grutoandielhâlder fan it bedriuw en ING is de húsbankier. FB Oranjewoud (foarhinne Fryslân Boppe) is in ynvestearringsmaatskippij mei jild dat dêr ynbrocht is nei de oername fan de Friesland Bank troch de Rabobank. Om hoefolle jild it giet by de ferkeap, is noch net bekend. Ek oer de konsekwinsjes foar bygelyks it personiel en de strategy foar de takomst is op dit stuit noch neat te sizzen. Mar it is wol wis dat der de kommende tiid fierdere reorganisaasjes by de beide belutsen kranten plakfine sille. As de oerienkomst slagget betsjut dit dat in oare ynteressearre partij mei ûnder oaren de direkteur fan NDC mediagroep Gert Jan Oelderik en kommersjeel direkteur Hans Voorn net mear yn byld is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)