Utjefte fan nije fûgelatlas is útsteld

09 des 2015 - 10:58
  • Skries

Avifauna Fryslân stelt de útjefte fan de fûgelatlas 'Vogels in Fryslân' foarearst út. De stichting rûn earder dit jier in subsydzje fan 25.000 euro fan de provinsje mis en krijt dêrtroch it budzjet net rûn.

De fûgelatlas ferskynde hast fjirtich jier lyn foar it lêst: tusken 1976 en 1979 waard it yn trije dielen útjûn. Avifauna fûn it heech tiid foar in nije útjefte. Dêrfoar is lykwols minimaal in bedrach fan in ton nedich. Ferskate fûnsen hienen al jild tasein. By mekoar gong it om 65.000 euro. It jild fan de provinsje wie dêrom krúsjaal.

"De provinsje wie wol entûsjast, mar it jild wie der op it stuit net", seit Ultsje Hosper, foarsitter fan Avifauna Fryslân. Hy hat dêrom goeie hoop dat it bedach takom jier wol by mekoar brocht wurde kin.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)