Uth slút kontrakt foar trije jier by it Dútske Hoffenheim

31 maaie 2015 - 19:29

As it oan Hearrenfean-spiler Mark Uth leit spilet er de kommende trije jier foar de Dútske klup Hoffenheim. Neffens Uth is er persoanlik rûn mei de klup, mar moat der noch oerienstimming berikt wurde op direksjenivo.

De Dútser Uth is op dit stuit mei 15 doelpunten topskoarder by SC Hearrenfean. Hy hat noch in kontrakt foar in jier by de klup. Hoffenheim is de nûmer acht fan de Bundesliga. Uth spile earder ûnder oare foar FC Köln.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)