Utgeanswebside yn it Frysk

13 okt 2009 - 19:49
  • Fryskutburo.nl hat no ek mei in Frysktalige aginda

De útgeanswebside www.friesuitburo.nl is tenei ek yn it Frysk. Dêrmei wol it Fries Uitburo net allinne de service ferheegje, mar ek in bydrage leverje om de Fryske taal en kultuer yn stân te hâlden.

Om de komst fan it Fryske ûnderdiel fan de side te fieren, ferlottet it Uitburo ferskate frijkaartsjes foar Fryske kulturele produksjes lykas Liet Yntersjonaal en de Fryske Music Night. It Fries Uitburo wurket gear mei alle kulturele ynstellings yn Fryslân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)