Utgeansgeweld yn Fryslân

23 mrt 2014 - 11:47

De plysje hat yn de nacht fan sneon op snein yn Drachten in 20-jierrige man út Bûtenpost oanhâlden om't er in ynwenner fan de De Harkema slein hie.

Op it Ruterskwartier hawwe plysjes in 21-jierrige ynwenner út Ljouwerteradiel oppakt. De man gedroech him ferfelend yn in hoarekagelegenheid en waard frege de saak te ferlitten. Doe't hy dat wegere te dwaan waard hy troch portiers oansprutsen en krige ien fan har in skop. Reden foar de plysje om de stapper mei nei it buro te nimmen. Tsjin him is proses-ferbaal opmakke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)