Utfinerssprekoere KvK sukses

04 jul 2006 - 14:39

It útfinerssprekoere, dat sûnt oktober yn Ljouwert hâlden wurdt, krijt lanlik neifolging. By wize fan proef koene ynnovative ûndernimmers har mei har útfining melde by twa Keamers fan Keaphannel, yn Ljouwert en Den Haach.

It sprekoere luts sa'n soad belangstelling, dat besletten is it út te wreidzjen nei mei-inoar tsien lokaasjes. Op it sprekoere kinne saken lykas beskerming fan it idee en marketing bepraat wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)