Utferkochte sealen yn Drachten by 'Fifty Shades of Grey'

11 feb 2015 - 22:37

Sa'n 800 froulju binne woansdeitejûn yn Drachten ôfkaam op de foarpremjêre fan de eroatyske film 'Fifty Shades of Grey'. Alle sealen fan de bioskoop yn it plak wienen dêrmei útferkocht. Allinne by de film 'Gooische Vrouwen' slagge dat ek. Drachten foarme mei de belangstelling gjin útsûndering op de oare bioskopen yn Nederlân, dêr't ek in foarpremjêre wie.

Earder ferskynde der al in suksesfolle rige boeken ûnder de titel 'Fifty Shades of Grey'.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)