Utfeartteksten yn graffity op muorre

08 nov 2014 - 17:06

Ferskate graffity-keunstners binne dizze dagen op de Stasjonswei yn Drachten dwaande mei it oanbringe fan lêste-libbenswinsken op in muorre. Dat dogge se yn opdracht fan útfeartferiening De Laatste Eer yn Drachten.

It idee fan lêste-libbenswinsken op in muorre is oerwaaid út Amearika. De Lêste Ear hat in oprop dien oan de ynwenners fan Smellingerlân om mei harren libbenswinsk te kommen. De rest fan de muorre krijt ek in opknapbeurt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)