Utfanhússintrum yn Earnewâld

17 maaie 2008 - 14:38

Op kamping It Wiid yn Earnewâld is sneon it ekspertise- en útfanhússintrum Fryslân iepene. Dat sintrum is bedoeld foar âlen en har handikapte bern. Se kinne dêr oernachtsje yn de bungalows op de kamping.

No moatte se faak fier reizgje mei har bern, foar bygelyks dûnsje, hynsteride of sile. Yn Earnewâld sit alle by inoar. De handikapte bern kinne ek ûnderwiis soarch krije. Op de lange termyn kinne der 400 bern wyks komme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)