Utfal Fryske studinten leger

03 okt 2013 - 21:45
  • Dei fan it jongereinwurk

It oantal Fryske HBO-studinten dat yn it earste jier útfalt is mei 33% sa'n 5% leger as yn de rest fan Nederlân. Dat docht bliken út ûndersyk fan it oanslutingsnetwurk V.O.-H.O.

Dit is in gearwurkingsferbân tusken alle Fryske middelbere skoallen en de HBO-ynstellings yn ús provinsje. It bestiet no tsien jier en is opsetten om de oergong fan it middelber ûnderwiis nei it heger ûnderwiis makliker te meitsjen. Dat dogge se ûnder oare troch foarljochting te jaan op de middelbere skoallen, mar ek troch oerlis tusken de dosinten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)