Uteinset mei tariedings sloop fan loads Sibadawei yn Harns

25 jun 2015 - 14:38

Yn Harns is tongersdei úteinset mei de taridings foar it opromjen fan it terrein fan de loads oan de Sibadawei dy't dizze wike ôfbaarnde. Om't der asbest op it terrein leit, lit de gemeente Harns it wurk útfiere troch in spesjalisearre bedriuw.

Dat begjint freed mei it opromjen sels. Wannear't it skjinmeitsjen fan it terrein klear is, wurdt begûn mei de sloop fan de loads.

Dat wurdt foarsichtich dien om't der asbest yn de loads sit en der in kâns bestiet dat it gebou ynstoart. It gebiet om de loads hinne is ôfsletten en wurdt befeilige.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)