UTD Akkrum moat ticht

04 okt 2000 - 09:20

De fakbûnen oerlizze tongersdei mei de direksje fan Hendrix UTD oer de sluting fan it feefoerfabryk yn Akkrum. Takom maitiid sil dat barre, sa hat it memmebedriuw yn Boxmeer besletten.

De fabrikant neamt as oarsaak it tebekrinnen fan it tal kij, wat minder omset fan gefolgen hat. De takomst fan de 35 wurknimmers fan UTD Akkrum is noch ûnwis. De fakbûnen wolle in sosjaal plan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)