Utbrutsen pinken hast allegear werom by de boer

27 jul 2015 - 12:32
  • Boer Schoonhoven mei syn pinken

Boer Schoonhoven fan Nijeholtwâlde mist noch ien pink. Yn de nacht fan sneon op snein brutsen de 18 pinken út en bedarren op it spoar. De trein fan Zwolle nei Ljouwert botste op ien fan de bisten. Der ûntstie in grutte ravaazje. De plysje koe nei in soad muoite de boer fine. Mei-elkoar hawwe se oeren socht om de útbrutsen bisten. Uteinlik binne 16 pinken weromfûn, ien pink is noch fuort. Boer Schoonhoven is bot skrokken fan wat der bard is.

De trein moast nei de botsing fuortsleept wurde, yn de trein rekke nimmen ferwûne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)