Utbrânen doarpshûs ramp

05 okt 2007 - 11:26
  • It útbrânde doarpshûs yn Rinsumageast
  • Der is gjin rêden mear oan

Yn Rinsumageast is ferslein reagearre op it útbrânen fan doarpshûs De Beijer freed. It ferieningslibben yn it doarp draait om dat doarpshûs en it is in ramp dat it no fuort is.

Tongersdei wie it muzykkorps noch oan it oefenjen en ek de biljertklub wie dwaande. Freed stie ûnder mear in kabaretjûn op it programma. Der binne al plannen foar in nij doarpshûs, mar dat duorret seker noch wol oardel jier. Der binne amper alternativen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)