Ut oerlis Polderhoofdkanaal

23 sep 2009 - 16:41
  • Fjildbiologen ha gjin fidúsje mear yn it oerlis oer it Polderhoofdkanaal

De Fryske Feriening foar Fjildbiology stapt út it Polderhoofdkanaal-oerlis. De feriening fynt dat der tefolle jild stutsen wurdt yn maatregels dêr't de natuer net mei holpen is.

De biologen tinke dat de weardefolle floara en fauna net feilichsteld wurde. Se prate al twa jier mei provinsje en de gemeenten Smellingerlân en Opsterlân oer de betingsten dy't it mooglik meitsje it kanaal wer befarber meitsje te kinnen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)