Ut Ljouwerter swimbad lekt gloar

03 sep 2003 - 00:00

De gemeente Ljouwert oertreedt by swimbad it Kealledykje al fjouwer jier lang de miljeuwetjouwing. Ut it swimbad lekt al dy jierren al gloarhâldend wetter. It giet meielkoar om miljoenen liters, dy't troch de skuorren yn it swimbad fuortrinne kinne.

Neffens de miljeuwetjouwing is it net tastien wetter te loazen, seker net as dêr gloar yn sit. De gemeente wie op 'e hichte mar hat neat dien fanwege plannen it simbad te sluten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)