Ut iten yn fersoargingshûs

20 mrt 2008 - 20:50

Alderen út Koudum en omjouwing kinne fan nije wike ôf te iten yn it Wensoarchsintrum De_Finke yn it doarp. Soarchorganisaasje Plantein biedt dan yn gearwurking mei it Antoniussikehûs yn Snits alle dagen ferskate soarten waarme mielen oan.

It iten wurdt klearmakke yn it sikehûs fan Snits en dêrnei yn De Finke oan de bewenners oanbean. It restaurant fan De Finke is ferboud om ek minsken fan bûten ûntfange te kinnen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)