US Open: Van der Duim útskeakele

08 sep 2004 - 13:31

De Finkegeaster tennisser Antal van der Duim is útskeakele yn 'e earste ronde fan it jeugdtoernoai fan 'e US Open yn New York. De 16-jierrige Van der Duim ferlear op Flushing Meadow yn trije sets fan 'e Amerikaan Vahid Mirzadeh. De setstannen wiene 4-6, 7-6 en 6-1.

Van der Duim is noch net hielendal klear yn New York. Hy komt tiisdeitenacht noch út yn it dûbelspul. Mei syn partner Remko de Rijke moat er it dan opnimme tsjin twa Britten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)