Urker stel hat faker taslein

07 aug 2014 - 14:32

It stel út Urk dat oanhâlden is foar stellerij út Hotel IJsselmeer op 'e Lemmer, hat faker guod stellen by ynbraken. Dat docht bliken út it plysje-ûndersyk nei de oanhâlding fan de 27-jierrige man en de 19-jierrige frou. Sa hat it stel ynbrutsen yn ferskate boaten yn de haven fan Stad aan 't Haringvliet (ZH). Dêrneist wurde de Urkers fertocht fan ynbraken yn in wente en in auto yn itselde doarpke yn Súd-Hollân.

By Hotel IJsselmeer naaiden se út mei in stellen auto. Doe't it stel oanhâlden waard, hiene se twa nepwapens by harren.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)