Urker fisker omkaam op de Noardsee

09 jul 2015 - 11:57

In 51-jierrige Urker fisker is yn de nacht fan woansdei op tongersdei omkaam nei't hy op de Doggersbank yn de Noardsee oerboard slein wie. De bemanning fan de fiskersboat PD 147 krige de man wol wer oan board, mar doe wie it al te let.

De PD 147 is no ûnderweis nei de haven fan Harns. Dat meldt Omroep Flevoland. It is net dúdlik hoe't it koe dat de man oerboard sloech. De fiskersboat is fan in Urker fiskbedriuw, mar fart ûnder Ingelske flagge.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)