Urk: betrouwen yn it Antonius

05 jan 2009 - 11:24

De gemeente Urk hat alle betrouwen yn de komst fan it Snitser Antoniussikehûs nei Emmeloard. Dat hat boargemaster Jaap_Kroon fan it eardere Sudersee-eilân moandei sein yn syn nijjierstaspraak. Kroon ferkiest it Antoniussikehûs boppe de saneamde Iselmarsikehuzen. Dy sitte al in skoft yn in krisis.

Kroon fynt dat de Iselmarsikehuzen sa gau mooglik fuort moatte út de Noardeastpolder en Urk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)