Urinearjende Skylger pakt

03 aug 2014 - 14:45

De plysje hat freedtenacht op Skylge in 28-jierrige eilanner oanhâlden foar pisjen bûtendoar op in plak dêr't it net mocht. De man lege syn blaas oan 't Achterom yn Midslân. Hy negearde earst plysjes dy't him dêrop oansprutsen. Dêrnei misledige en bedrige er de aginten, en fersette er him tsjin syn oanhâlding.

De man is ynsletten. Hy is sneintemoarn wer frijlitten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)