Uri Geller lûkt te min folk

12 apr 2010 - 11:16

In foarstelling fan mentalist Uri Geller yn Theater Dok 18 yn Dokkum is snein net trochgien, omdat der amper kaarten ferkocht wiene. Fan de 900 beskikbere kaarten, wiene mar 50 oer de toanbank gien. Dok 18 hie tocht dat de foarstelling aardich wat publyk lûke soe omdat Uri Geller op dit stuit mei in nije rige op tv te sjen is.

Dok 18 seit dat der genôch reklame makke is foar de foarstelling. Mooglik binne noarderlingen te nuchter foar ditsoarte shows, seit in wurdfierder.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)