UR Wetterskip: gjin ûntslaggen

12 maaie 2005 - 06:49

De ûndernimmingsried fan Wetterskip Fryslân easket fan de direksje dat der gjin twongen ûntslaggen falle by de kommende reorganisaasje. Ek wol de ûndernimmingsried dat der in fakatuerestop by de organisaasje komt.

It Wetterskip moat fan it Algemien Bestjoer de kommende fjouwer jier 8 miljoen euro besunigje. Dat hat by it personiel fan it Wetterskip foar ûnrêst soarge. Oardel jier lyn wie dat ek sa, doe't de fúzje krekt achter de rêch wie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)