UR: "Wachtsje mei fúzje"

23 jan 2012 - 19:20
  • De Fryske Marren

It personiel fan de nije gemeente Friese Meren dy't der noch komme moat, freget de kolleezjes mei klam om de fúzje út te stellen nei 2014. Lemsterlân, Skasterlân en Gaasterlân-Sleat wiene fan doel om op 1 jannewaris 2013 te fusearjen. Mar minister Donner fan ynlânske saken hat de datum mei in jier opskood.

De ûndernimmingsried wol dat de gemeenten it ekstra jier pakke om de fúzje soarchfâldiger út te fieren.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)