UR: ûntslach is gjin oplossing

06 mrt 2009 - 16:10
  • Neffens de ûr is minsken dien jaan net de oplossing

De ûndernimmingsried fan Het Friese Land is benaud dat it ûntslaan fan 20 minsken de organisaasje de kop kostet. De meiwurkers ha mooglik rjocht op wachtjild en dat bringt de ynstelling noch mear yn finansjele problemen.

By Het Friese Land wurde de kommende tiid minsken ûntslein omdat der sân prosint besunige wurde moat. Het Friese Land besjocht ek oft in fúzje in oplossing wêze kin foar de jildproblemen. De ûndernimmingsrie is dêr net op foarhân tsjin.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)