UR Sm'lân wol hiel gau oerlis

17 apr 2013 - 15:41
  • Eangstkultuer yn Smellingerlân

De ûndernimmingsried fan de gemeente Smellingerlân wol sa gau mooglik oerlis mei de direksje en it kolleezje fan b. en w. om te praten oer de gefallen fan yntimidaasje dy't fia Omrop Fryslân nei bûten kaam binne.

Tiisdei fertelde in oantal meiwurkers en âld-meiwurkers hoe't se narre waarden op it wurk. Neffens har is der sprake fan in eangstkultuer op it gemeentehûs. Yntusken is der in groep fan 20 meiwurkers en âld-meiwurkers dy't him ferienige hat om dêr wat oan te dwaan. De ûndernimmingsried is fernuvere oer dat oantal.

De berjochten hjiroer binne foar de ûndernimmingsried oanlieding om him yn de saak te ferdjipjen, sa stiet yn in skriftlike ferklearring. Kommende moandei is der in ekstra riedsgearkomste oer it ûnderwerp.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)