UR Skewiel is teloarsteld

23 jun 2009 - 13:53
  • De ûndernimmingsried protestearre al ferskate kearen tsjin de fúzjeplannen

De ûndernimmingsried fan Skewiel Trynwâlden is bot teloarsteld oer it trochgean fan 'e fúzje mei soarchgroep Tellens. De UR beriedt him op fierdere stappen. Tiisdei waard bekend dat de fúzje tusken Tellens en Skewiel dochs trochgiet. De meiwurkers fan Skewiel ha de trochslach jûn, sizze de partijen. Dy stean achter de fúzje, sa stelle se. De ôfrûne moannen is in soad reboelje ûntstien oer de fúzje.

De UR en in part fan de meiwurkers fan Skewiel binne op de fúzje tsjin.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)