UR provinsje wol net besunigje

22 sep 2011 - 11:27

Amtners fan de provinsje wolle net meiwurkje oan eigen besunigings. Dat skriuwt de ûndernimmingsried yn in brief oan deputearre steaten. De provinsje moat seis miljoen euro besunigje.

De UR tinkt dat dat net kin, want de wurkdruk is sa bot tanaam dat de rek derút is. De provinsje krijt der inkeld mar wurk by om't it ryk saken oerhevelet nei de provinsje sûnder dêr jild by te dwaan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)