UR Prins freget stipe Waanders

18 mrt 2013 - 14:41
  • Staking Prins Dokkum

De ûndernimmingsried fan Prins Dokkum freget boargemaster Waanders fan Dongeradiel har yn te setten foar it behâld fan it fangrailfabryk. Memmebedriuw Saferoad wol de Dokkumer festiging slute en de produksje ferpleatse nei fabriken yn Dútslân en Poalen. It personiel is it hjir net mei iens en fiert moandei foar de achtste dei op rige aksje. Yn in petear dat de UR moandeitemiddei mei de boargemaster hat, wurdt har frege om mei de Prins-direksje te praten en de driigjende sluting bekend te meitsjen by Fryske politisy en yn Den Haach.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)