Upload Cinema yn Ljouwert

13 feb 2011 - 15:25

It ynternasjonaal bekende Upload Cinema komt nei Ljouwert. Yn it Filmhuis is it programma 24 febrewaris te sjen. It giet om in program mei 36 bêste fideo's fan 2010. De filmkes binne hilarysk en bizar. Yn de seleksje sitte filmkes fan stunts en ek belangrike bylden oer ferline jier.

Upload Cinema bringt alle moannen in kompilaasje út fan Youtubefilmkes. De Nieuwe Garde, in groep fan kreative minsken, hellet Upload Cinema nei Fryslân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)