UPDATE: Wenhûs giet ferlern by grutte brân yn Minnertsgea

13 mrt 2016 - 14:01
  • De brânwacht besiket te foarkommen dat it fjoer oerslacht nei it bedriuw

Op de Langedyk yn Minnertsgea is snein brân útbrutsen yn in wenhûs by in pleats. Op it stuit dat de brân útbruts wiene der gjin minsken yn 'e hûs. It giet om in grutte brân, wêrby't de wenning foar it grutste part ferlern gie. De ynset fan de brânwacht is der foaral op rjochte om te foarkommen dat it fjoer oerslacht nei trije loadsen njonken it hûs.

Yn ien loads stienen tsien hynders, dy binne yn feilichheid brocht. De oare twa loadsen sitte fol mei piken. Omwenners krije it adys om doarren en ruten ticht te hâlden fanwege de reek.

It ferkear en belangstellenden wurde op ôfstân hâlden. De brânwacht is dwaande mei it oanfieren fan ekstra tankauto's en grutwettertransport om de brân better bestride te kinnen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)