UPDATE: Wapene twatal oerfalt bewenner yn Ychtenbrêge

09 des 2015 - 14:38
  • It hûs yn Ychtenbrêge dêr't de oerfal plakfûn

De plysje is yn de omkriten fan Ychtenbrêge op syk nei twa oerfallers. Dy hawwe om 10:30 oere hinne de bewenner fan in hûs oan it Krompad oerfallen. Dêrby drigen se mei in wapen.

It giet om in man en in frou, dy't nei de oerfal útnaaid binne. De plysje is in syktocht begûn en hat dêrby ek Burgernet ynset.

By de oerfal woansdeitemoarn op in wenhûs yn Ychtenbrêge is jild meinaam. Dat hat de plysje bekend makke. Om wat foar bedrach it giet is noch net bekend. De bewenner fan it hûs waard troch twa oerfallers bedrige mei in mes.

Twatal is noch op 'e flecht

De twa naaiden nei har die út. De oproppen plysje hat nei harren socht, mar noch net fûn. Ek waard fia Burgernet in opspoaringsberjocht ferspraat. It giet om in man fan in jier as 50 en in frou fan yn 'e tritich. De oerfal wie oan it Krompad. Minsken dy't mear witte wurde frege kontakt op te nimmen mei de plysje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)