UPDATE: Trije ferwûnen by ûngelokken klaverblêd It Fean

27 nov 2015 - 19:49

By ûngelokken op de A7 en de A32 by It Hearrenfean binne freedtejûn trije minsken ferwûne rekke. Dat soarge foar lange files op beide diken.

Op it stik It Hearrenfean-Drachten ûntstie by Tsjalbert in file nei in earste oanriding. In frou (23) út Hoorn seach dat net en botste der achter op. Troch de klap bedarre de auto fan in Grinzer (37) op de oare weihelte. In frou út De Pein (51) klapte dêr wer op. In frou (24) út Wognum, dy't by de frou út Hoorn yn de auto siet, rûn in brutsen rêchbonke op. De bestjoerster hie ferwûnings oan de earms.

De oarsaak fan de earste oanriding is net bekend.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)