UPDATE: Tas mei 60 kilo kokaïne fûn yn de Noardsee by Skylge

14 des 2015 - 14:30
  • Kustwacht

Yn de tas dy't snein op de Noardsee by Skylge fûn is, siet 60 kilo kokaïne. De wearde wurdt skatten op mear as 5 miljoen euro. De tas waard snein fûn troch de bemanning fan it skip Miska. Dy droegen de tas oer oan de Kustwacht.

Om't tocht wurdt dat der mear tassen yn it wetter driuwe, is de Kustwacht snein begûn mei in syktocht. Ek moandei wurdt noch folop socht. De tas is foar ûndersyk nei de FIOD brocht. Nei spoareûndersyk sil de kokaïne ferneatige wurde. De FIOD hat noch gjin idee fan wa't de kokaïne is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)