UPDATE: Stroomútfal op ferskate plakken yn Noard-Nederlân

03 jan 2016 - 17:36

Op ferskate plakken yn Noard-Nederlân falt de stroom foar koarte mominten út. Faak duorret de stroomútfal mar in pear sekonden. Netbehearder Tennet seit op twitter dat de problemen feroarsake wurde troch 'dûnsjende liedings'. Dat hat te krijen mei izel op de stroomkabels. It is noch net dúdlik hoe lang't de stroomdipkes noch duorje.

Arriva meldt op twitter dat troch de steuringen gjin treinferkear fan en nei Grins mooglik is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)