Stoarm soarget foar skea rûnom yn de provinsje

31 mrt 2015 - 13:30
  • Kantele frachtwein op de A6
  • Dak stikkenwaaid op It Hearrenfean
  • Stiens skea
  • Grêfstiennen skea yn Wolvegea

Rûnom yn de provinsje is der stoarmskea. Om healwei tolven wiene der in trichtichtal skeameldings. Op It Hearrenfean en yn Surhústerfean waaiden dakken fan gebouwen. De Poststrjitte op 't Fean is ôfset. Yn Dokkum is in luifel fan it gebou fan in wenningstifting stikken.

Rûnom yn de provinsje binne beammen omwaaid. Yn Wolvegea foelen beammen op grêfstiennen. Op de A6 tusken De Jouwer en De Lemmer is by Skarsterbrêge in frachtwein kantele troch de hurde wyn. Op de A32 by Akkrum waaide it dekseil fan in frachtwein stikken.

Der kamen ek meldings út Jistrum, Ljouwert, Skerpenseel, De Pein, Drachten, Koatstertille en Wurdum. Yn Stiens is in beam omwaaid.

De doarpen De Feanhoop. De Wylgen en Nij Beets binne troffen troch in stroomsteuring. Dy sil nei alle gedachten duorje oant 13.30 oere.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)