UPDATE: Ofslútdyk wer frij foar ferkear

14 sep 2015 - 20:00
  • It ûngelok wie flak foar de sluzen fan Koarnwertersân, fan Fryslân út sjoen
  • Helptsjinsten by deadlik ûngelok op Ofslútdyk

De Ofslútdyk is foar in part wer frijjûn foar it ferkear. Om in oere as fiif kaam yn de buert fan Koarnwertersân in auto mei in frachtwein yn botsing. Dêrby is ien persoan om it libben kaam. It giet om in 30-jierrige ynwenner fan Snits. De bestjoerder ried by wurk oan de dyk achterop in frachtwein.

De dyk hat dêrtroch in pear oeren yn beide rjochtings ôfsletten west foar it ferkear om sa de helptsjinsten romte te jaan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)