UPDATE: man rekket slimferwûne op It Hearrenfean

17 nov 2015 - 11:15

In 27-jierrige ynwenner fan De Gordyk is moandeitenacht slim ferwûne rekke by in ûngelok op It Hearrenfean. De auto wêryn't de man siet, fleach op de K.R. Poststrjitte út de bocht en kaam njonken it fiadukt fan de A32 yn it wetter telâne. De helptsjinsten rukten massaal út en setten dûkers yn om nei mooglike slachtoffers te sykjen, mar koenen net ien fine.

Wilens de sykaksje melde in tsjûge dat hy de ferwûne man nei it sikehûs yn It Hearrenfean brocht hie.

Dêr die bliken dat de ferwûnings oan de nekke fan de man sa slim wienen, dat hy nei it sikehûs yn Grins brocht is. De tsjûge melde de plysje ek dat der noch mear minsken yn de auto sitten hawwe. Dy binne nei it ûngelok útnaaid. De plysje siket noch nei dizze oare ynsittenden.

It is net bekend wa't de bestjoerder wie en hoe't it kaam dat de auto út de bocht fleach.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)