UPDATE: iishal Ljouwert dit wykein ticht nei brân

02 jan 2016 - 10:51

De Alvestêdehal yn Ljouwert bliuwt sneon en snein ticht. De iishal waard sneontemoarn ûntromme fanwege brân. Yn de masinekeamer fan it gebou wie koartsluting, wêrtroch de brân ûntstie. De stroom foel ek út. De brânwacht hat it fjoer blust.

De reedrydlessen yn de hal binne stopset en de minsken binne nei hûs stjoerd, om't it yn de hal noch hieltyd tsjuster is. Oer de oarsaak fan de koartsluting is noch neat bekend.

By de Alvestêdehal yn Ljouwert binne sneontemiddei twa needaggregaten levere. De aggregaten sille needstroom leverje foar de kuolmasine yn de iishal, sadat it iis net raant. Nei alle ferwachting wurde de needaggregaten sneontemiddei noch ynstallearre. 

Technisy binne hurd oan it wurk om de stroom yn de hal wer oan te sluten. Direkteur Johan van der Kooi hopet dat dat snein of uterlik moandei slagget.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)