UPDATE: "Gean de dyk net op yn de spits"

06 jan 2016 - 06:39
  • Glêdens (argyffoto)

Rykswettersteat advisearret minsken yn Fryslân woansdei om net yn de spits te riden as dat net needsaaklik is. Op ferskate diken is it lokaal noch sjippeglêd. "Het is heel verraderlijk. Er hoeft maar een bui te vallen en het wordt weer spiegelglad", seit Ryan Lievaart fan Rykswettersteat. Mei nammen op de N381 en de Sintrale As is de glêdens ferrifeljend.

It KNMI hat noch hieltyd koade oranje, foar ekstreem waar, as warskôging. It bliuwt neffens it waarynstitút noch oant en mei tongersdeitemoarn glêd.

Arriva en Qbuzz

Arriva lit witte dat alle treinen woansdei wer neffen tsjinstregeling ride. Ek de bussen binne de dyk op stjoerd, mar net op alle trajekten wurdt riden. Lijn 52 Dokkum - De Skâns rydt net, lykas lijn 73 (Ljouwert - Aldebiltsyl). De lijnen 35 (Frjentsjer - Snits) en lijn 92 (Ljouwert - Boalstert) ride net lâns Winsum. Op It Amelân en op Skylge ride gjin bussen.

De bussen fan Qbuzz yn Súdeast-Fryslân ride net.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)