UPDATE: Fuotgonger deariden by De Lemmer

10 okt 2015 - 07:48

By in slim ûngelok by de Margrietslûs op de Suderseewei by De Lemmer is sneontemoarn in 51-jierrige man út Greven (Dútslân) om it libben kaam. It slachtoffer rûn oer de dyk en waard skept troch in 29-jierrige automobilist fan De Lemmer. De fuotgonger ferstoar op it plak fan it ûngelok oan syn ferwûnings.

De automobilist is heard troch de plysje en hat slachtofferhelp oanbean krigen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)