UPDATE: Fryske fuotbalwrâld ferslein troch dea Johan Cruijff

24 mrt 2016 - 15:08

Sportklup Hearrenfean neamt it in tryste dei foar Nederlân, no't fuotbalikoan Johan Cruijff ferstoarn is. De klup hat mei fersleinens kennis naam fan it ferstjerren fan Cruijff en winsket de belutsenen in soad sterkte.

Direkteur Luuc Eisenga fan Hearrenfean reagearret op twitter: ,,El Salvador die niet gered kon worden van die verschrikkelijke ziekte. Ooit in de Tour, mensen kusten de straat.. wat een fenomeen". Cambuur twitteret: "Verschrikkelijk om te horen dat voetbalicoon Johan Cruijff is overleden. Bedankt voor alles Johan."

Cruijff ferstoar tongersdei op 68-jierrige leeftiid, oan de gefolgen fan longkanker.

"Leave, goede man"

Johan Cruijff kaam yn totaal trije kear mei Barcelona nei Bûtenpost. Dêr spile de club oefenwedstriden. Foarsitter Paul Olijve fan Bûtenpost wie ien fan de minsken dy't Cruijff nei Fryslân helle. Hy omskriuwt de fuotballeginda as in "leave, goede man".

Alle trije kear dat er yn Bûtenpost wie, hie er alle tiid foar minsken. Sa wie der de earste kear, yn 1989, in jonkje dat in hânteken woe fan Cruijff. Hy woe dat graach op syn nije trainingspak. "Mag dat wel van je ouders, frege er doe oan it jonkje. Sa belutsen wie er", fertelt Olijve.

In kameraad

Earefoarsitter Riemer van der Velde fan SC Hearrenfean neamt Cruijff in goede kameraad. Hy hat him sels oait frege om trainer fan SC Hearrenfean te wurden. "Doe sei er dat it him leuk like, mar dat er my letter werombelje soe. Der spile ek wat yn Barcelona, fertelle er." En in pear dagen letter belle Cruijff yndie: hy waard trainer by Barcelona.

Van der Velde gong ek geregeld te golfen mei Cruijff. "Yn Beetstersweach ha se no ek in Johan Cruijff-wand. Dy is dêr delsetten neidat Johan in bal sa skeef sloech dat dy op it terras telâne kaam", herinneret Van der Velde him.

Hy hearde it nijs oer de dea fan Johan Cruijff tongersdeitemiddei yn in fergadering. "Ik waard der kâld fan." 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)