UPDATE: Frou rekket beknipe nei ûngelok by Tsjom

08 mrt 2016 - 09:42

Op de Frjentsjerterwei by Tsjom is tiisdeitemoarn in ynwenster fan Frjentsjer ferwûne rekke doe't se mei har auto fan de dyk skeat. It slachtoffer wie oansprekber, mar se siet wol beknipe yn de auto. De helptsjinsten hawwe har befrijd. Se is mei ûnbekende ferwûnings per ambulânse nei it sikehûs yn Snits brocht.

Yn de auto siet ek it 3-jierrich berntsje fan de frou. Dat rekke neffens de plysje net ferwûne. De dyk hat in skoft ticht west yn ferbân mei de helpferliening, mar wie yn de rin fan de moarn wer frij.

UPDATE: De frou mocht tiisdei yn de rin fan de dei wer út it sikehûs nei hûs ta.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)