UPDATE: Deade man Snits kaam net troch misdriuw om it libben

07 nov 2015 - 09:00

De deade man dy't freed yn Snits fûn is, is net troch in misdriuw om it libben kaam. Dat hat út ûndersyk fan de plysje bliken dien. It slachtoffer is in man út Snits fan 50 jier âld, dy't al earder fermist wie.

Hoe't de man krekt om it libben kaam is, is noch net hielendal dúdlik, mar it liket derop dat er in hertstilstân hân hat. Juster waard it lichem fan de man fûn by de hurdfytsbaan oan de Thomas Zandstrjitte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)