UPDATE: Daan Breeuwsma net nei WK yn maart en net mear op NK

03 jan 2016 - 09:27
  • Shorttracker Daan Breeuwsma

Shorttracker Daan Breeuwsma fan Akkrum giet net nei it WK yn Seoul yn maart. Breeuwsma wurdt letter dizze moanne operearre oan de knibbel en sil dan 4 oant 6 moanne útskeakele wêze. Breeuwsma makke dat sneon bekend op it NK. De 28 jierrige shorttracker hat tefolle lêst fan skuorkes yn de sine(pees). It EK yn Sotsji sil it lêste toernoai wêze foar Breeuwsma.

Boppedat komt er snein op it NK shorttrack ek net mear yn aksje. Breeuwsma fielt him net fit en hat lêst fan de knibbel. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)