UPDATE: Auto bedarret yn Trekfeart by Kollum nei botsing

06 nov 2015 - 18:17

In 42-jierrigeman út Damwâld is freedtemiddei mei de auto by Kollum de Trekfeart yn riden. By in wei-fersmelling kaam er frontaal yn botsing mei in auto, bestjoerd troch in frou fan 19 jier út Kollum.

De Damwâldster bedarre troch de botsing yn de feart. Hy koe sels út de auto klimme. Foarbygongers hawwe him op de wâlskant holpen. Beide bestjoerders binne foar ûndersyk oerbrocht nei it sikehûs.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)