UPC moat CNN wer op skerm bringe

03 sep 2001 - 00:00

Kabeleksploitant UPC moat der foar soargje dat de Amerikaanske nijsstjoerder CNN wer sa gau mooglik yn it programmapakket opnommen wurdt. Neffens wethâlder Brok fan de gemeente Ljouwert mei UPC pas it pakket feroarje as der wer in nije programmarie oansteld is.

De âlde programmarie is mei spul opstapt. Ferline wike waard bekend dat UPC it programmapakket sels feroare hie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)